It wapen fan Ingwierrum
De tsjerke fan Ingwierrum

Ingwierrum (Engwierum)

Ingwierrum is in terpdoarp mei rjochthoekige terp yn de gemeente Dongeradiel. Nei it oanlizzen fan de wei nei Dokkum is der bŻten de terp ek bebouwing kommen en nei de Twadde Wr‚ldoarloch is de nijbouwyk It Roster der by kaam. It buorskip Dokkumer Nije Silen dat Żntstien is by de silen dy't oanlein binne by it Űfslķten fan it Dokkumer Djip falt ek Żnder Ingwierrum.

De namme
De namme Ingwierrum is net dķdlik. In aardige ferklearring is faaks de terpen yn 'e greiden. Ingwierrum is al yn de Midsieuwen Żntstien op in kwelderw‚l. Yn it l‚nskip binne der noch parten fan in 12ste ieuskse dyk werom te finen.

De tsjerke
Ingwierrum hat in hiele moaie tsjerke. Sa as dy der no stiet is de tsjerke fan 1746. Wis is net oft men doe in nije tsjerke boud had of dat der in bakstienen omklamming om de ‚lde tsjerke hinne kommen is. De finsters hawwe, no hiel seldsem, latteroasters. Miskien om de br‚nskildere ruten te bekermjen. Der binne twa br‚nskildere ruten yn. Dy binne yn 1746 makke troch Jurjen Staak ķt Snits. Op it iene stiet as wapen fan de skinker dat fan de Prins fan Oranje en op it oare it wapen fan Frysl‚n. Der omhinne steane allegoryske frouljusfiguren. Ek doe woenen de sponsors harren namme al ferivige hawwe. De tsjerke hat ek noch barokke preekstoel mei de bŻgde kŻpe.